Argewaasje oer ûntbrekken rolstoeltickets op Glemmer Beach

06 jul 2019 - 09:44

Minsken yn in rolstoel kinne dit jier gjin spesjaal ticket keapje foar festival Glemmer Beach op De Lemmer. De organisaasje skriuwt op de eigen webside dat se fanwege de feiligens gjin rolstoeltickets mear ferkeapje. Op sociale media wurdt emosjoneel reagearre op it beslút.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It festival op it strân fan De Lemmer soe neffens de organisaasje gefaarlik wêze kinne foar minsken yn in rolstoel. "Uit eerdere edities is gebleken dat wij de veiligheid van rolstoelgebruikers niet kunnen waarborgen", sa stiet te lêzen op de webside. "De steile dijk in combinatie met rijplaten, zand en soms regen zorgen voor gevaarlijke situaties. Wij hopen op jullie begrip."

Dat begryp is der net by in ferskaat fan minsken op de sosjale media. Se stelle foar dat de organisaasje spesjale strânrolstuollen beskikber stelt, of dat der matten útrôle wurde foar de minderfalide festivalbesikers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)