Friezen skeelerje kommende wike op WK yn Barcelona

06 jul 2019 - 09:20

Der dogge fiif Friezen mei oan it wrâldkampioenskip skeelerjen, dat snein úteinset yn it Barcelona. Woansdei is de Nederlânske ploech ôfset nei Spanje foar it WK, dat duorret oant en mei nije wike snein. Wa binne it en op hokker ûnderdielen binne se aktyf?

Manon Kamminga yn aksje op it Nederlânsk kampioenskip maraton - Foto: Neeke Smit / Timsimaging.nl

Manon Kamminga

De meast ferneamde Friezinne dy't aktyf is yn Barcelona, is dochs wol Manon Kamminga. Winters rydt se maratons op it iis, fierders is se skeelertrainer en tuskentroch skeeleret se sa no en dan sels ek noch. Trije wiken lyn waard se yn Staphorst noch Nederlânsk kampioen op de maraton.

Yn Barcelona sil Kamminga ek de maraton ride. De kâns is grut dat dy einiget yn in massasprint, mar dan is it mar de fraach oft de Haulerwykse sels meisprinte mei. Bûnscoach Frank Fiers neamt har nammentlik 'de ideale lokomotyf'. As Bianca Roosenboom fit is, sil se nei alle gedachten sprinte foar Nederlân. Mocht se net fit wêze, dan kin Kamminga altyd noch in gruttere rol krije. Ferline jier einige Kamminga op de maraton as trettjinde.

Underdielen op de baan

  • 200 meter tiidrit (snein 7 july)
  • 500 meter (moandei 8 july)
  • 1000 meter (tiisdei 9 july)
  • 10 kilometer ôffalkoers (snein 7 july)
  • 10 kilometer punte-ôffalkoers (moandei 8 july)
  • Relay (tiisdei 9 july)

Underdielen op de dyk

  • One lap (tongersdei 11 july)
  • 100 meter (sneon 13 july)
  • 10 kilometer puntekoers (tongersdei 11 july)
  • 15 kilometer ôffalkoers (freed 12 july)
  • Maraton (snein 14 july)

Berber Vonk

Foar Berber Vonk jildt dat se hielendal werom is. Se hat in tige muoisum foarich jier hân, wêryn't se lang útskeakele west hat troch ferskate blessueres. Mar, no is se der wer. En dus sit de Appelskease ek by de WK-ploech fan Nederlân. Neffens bûnscoach Frank Fiers is Vonk dit jier hiel goed dwaande. Yn Barcelona komt se yn aksje op de langere ôfstannen, lykas de 10 kilometer ôffalkoers, de 10 kilometer punte-ôffalkoers, de 15 kilometer ôffalkoers en de maraton. Op dy lêste ofstân einige se trije wiken lyn as twadde op it NK. Ek sil Vonk de relay ride mei Maya de Jong en Moniek Klijnstra.

Foto: Neeke Smit / Timsimaging.nl

Maya de Jong

It WK skeelerjen is foar Maya de Jong net nij. Ferline jier wie se ek al aktyf op it grutste toernoai yn har sport. Grutte resultaten behelle se doe net, mar wa wit wat der dit jier yn sit foar de 20-jierrige De Jong. Lykas Berber Vonk rydt De Jong op de langere ôfstannen. It giet om de 10 kilometer ôffalkoers, de 10 kilometer punte-ôffalkoers, de 15 kilometer ôffalkoers en de maraton. Tegearre mei Moniek Klijnstra en Vonk rydt De Jong ek de relay. Mooglik dat de 1000 meter dêr ek noch by komt, mar dêroer moat de bûnscoach noch in beslút nimme.

Moniek Klijnstra

Foar Moniek Klijnstra wurdt it in bysûnder WK. It is nammentlik har debút op it wrâldkampioenskip. De Sintjânsgeaster is spesjalist op de koartere ôfstannen. Se komt wis yn aksje op de 200 meter tiidrit en de 500 meter. Mooglik dat der ek in plak foar har weilein is op de 1000 meter en de one lap, mar dêr wurdt letter in kar oer makke, seit de bûnscoach. Klijnstra rydt boppedat ek yn de folslein Fryske relayploech mei Berber Vonk en Maya de Jong.

Ruurd Dijkstra

De iennige Fries by de manlju is Ruurd Dijkstra fan Nijeholtwâlde. Hy fokust him benammen op de ûnderdielen op de baan. Snein en moandei rydt Dijkstra de 10 kilometer ôffalkoers en de 10 kilometer punte-ôffalkoers. Op de dyk komt er wis yn aksje op de maraton en mooglik dat de 10 kilometer pûntekoers en/of de 15 kilometer ôffalkoers dêr noch by komme. Dêroer wurdt nei de earste dagen in beslút naam. "Dan kunnen we kijken hoe de vorm en de benen zijn", ferdúdliket bûnscoach Frank Fiers.

Mobile skeelerbaan

It wrâldkampioenskip skeelerjen bestiet út twa blokken. Snein, moandei en tiisdei wurdt der riden op de baan. It bysûndere is dat it in 'mobile baan' fan stiel is dy't dêrnei wer ôfbrutsen wurdt. "Dat is voor de eerste keer in de geschiedenis", fertelt bûnscoach Frank Fiers. Dat makket it lêstich, om't it dus mar ôfwachtsjen is hoe't dy baan rydt. Fiers: "Maar dat geldt niet alleen voor ons, dat is voor iedereen hetzelfde." Nei de trije dagen op de baan giet it WK fierder op de dyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)