Kollum: "De Omrop Fryslân-'Boer fan it jier'-priis"

06 jul 2019 - 08:56

Wy wenje yn in agraryske provinsje. Je soenen ferwachtsje dat de bern dy't hjir grut wurde, noch wol in bytsje witte hoe't in buorkerij wurket. No, dat is net yn alle gefallen wier. Ik hearde dizze wike dat in skoalklasse út Drachten by in boer op besite west hie. Der wiene bern yn dy klasse dy't net wisten dat molke út in ko komt. Wy hawwe it hjir oer bern út Drachten, net út Amsterdam. De deistige gong fan saken op in pleats is foar de bern út stêdlike omjouwing in grut mystearje.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ferdinand de Jong: "De Omrop Fryslân-'Boer fan it jier'-priis"

Neffens my is it fan grut belang dat de boargers wol witte wat de agraryske sektor no krekt foar harren docht. De Omrop hat mei Buorkje foar begjinners in searje delset dy't dêr feroaring yn bringe kin. Dat is in prima begjin. Dochs soe ik jimme graach wize wolle op it programma Countryfile, dat alle wiken op de BBC te sjen is.

Dêr slacht de publike omrop in brêge tusken boargers en boeren. Op in tige neutrale wize wurde alle aspekten fan it plattelân yn byld brocht. Fan in yntinsive bargeboer, in biologyske hinneboer oant in fisker dy't besiket steande te bliuwen mei alle regeljouwing dy't oplein wurdt. De mooglikheden en problematiken fan alle sektoaren yn de totale agraryske mienskip wurde toand. Op in folwoeksen wize, sûnder daliks mei it fingerke omheech te oardieljen.

De tariedingen fan hûshâldings op feekeuringen, de lege ynkommens en wat je dêroan dwaan kinne, lânskipskeunst, âlde feerassen (sa't wy hjir de Fryske readbûnte ko hawwe) dy't troch de Europeeske regeldruk miskien wol ferdwine sille, jo kinne it sa gek net betinke of Countryfile lit it sjen. Ien fan de presintatoaren hat sels in buorkerij. It is alle wiken in feest oan ynformaasje. In programma as dit mis ik hiel bot. Neat mis mei wat de Omrop dien hat, mar der binne noch grutte gatten te tichtsjen as guon bern út Drachten al gjin idee mear hawwe hoe't it der op in pleats om en ta giet.

De BBC stekt der neffens my aardich jild yn. Der ferskynt alle jierren in Countryfile-kalinder mei de meast fantastyske foto's dy't makke binne troch sjoggers. Wer ris wat oars as de boerekalinder. En dan is der de BBC-Farmer of the year Award. Sis mar de boer fan it jier. Dat is gjin wedstriid fan de heechste opbringsten, mar hiel wat oars. Dit jier bygelyks siet yn de top trije in boerinne dy't, neidat har man himsels tekoart dien hie, dochs harren dream fan buorkjen trochsette woe. Dêrnjonken sette sy in groep foar lotgenoaten op. Soks wurdt net as emo-tv brocht, mar op in prachtige neutrale wize. De winners wiene dit jier in stel dat njonken it buorkjen mei in hûshâlding, probleembern opfong. Dy waarden gewoan ûnderdiel fan de dynamyk fan in pleats. De omgong mei hynders en oar fee yn kombinaasje mei probleembern is in bewiisd konsept. Hast alle bern dy't yn de rin fan de jierren tydlik by harren west hiene, sieten by de priisútrikking yn de seal.

Wy wenje yn ien fan de meast agraryske en yn de moaiste provinsje fan it lân. Soe de Omrop net in moai poadium wêze om de brêge tusken boeren en boargers te slaan op de wize sa't Countryfile dat yn Ingelân docht? De ûnderskieding foar de Omrop Fryslân- Boer of boerinne fan it jier soe dêr prima by passe.

Trefwurden: 
Kollum Ferdinand de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)