Brân yn konifearehage yn Drachten en bulte snoeiôffal op It Hearrenfean

06 jul 2019 - 08:22

Der hawwe yn de nacht fan freed op sneon ferskate bûtenbrantsjes west yn Fryslân. Yn Drachten stie freedetjûn let in konifearehage oan de Houtleane yn 'e brân. De brânwacht hie it fjoer gau út. Omstanners sizze dat trije jongeren dwaande west hawwe fjoer te meitsjen yn de hage. Der hawwe dizze wike al earder brantsjes west yn hagen yn Drachten.

Foto: SR Fotografie

Op It Hearrenfean stie in bulte snoeiôffal yn de brân. De bulte yn de Le Roy-tún oan de Europaleane stie yn ljochte lôge. De brânwacht hie ek dy brân gau ûnder kontrôle. De oarsaak fan de brân is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)