Alde súdlike rûnwei Algrawei Ljouwert giet definityf ticht fanwege bou wenwyk

Ferkear kin fan takom wike freed de jûns om acht oere definityf gjin gebrûk mear meitsje fan de Hendrik Algrawei by Ljouwert. De âlde súdlike rûnwei giet ticht om plak te meitsjen foar weningbou. Yn it gebiet stiet de nije wyk Middelsee yntekene.
Alde súdlike rûnwei Algrawei Ljouwert giet definityf ticht fanwege bou wenwyk
De Algrawei wie ien fan de wichtichste tagongsdiken fan Ljouwert út súdlike rjochting. Troch alle drokte stie it ferkear yn de spits geregeld stil. Nei de komst fan de Heak om Ljouwert wie de dyk oerstallich wurden en woe de gemeente derfan ôf. Yn desimber 2017 waard de dyk ôfsluten, mar moast nei tuskenkomst fan de rjochter dochs wer iepen. Reden wie dat de beswieren fan oanlizzende bedriuwen net goed behannele wiene.
De gemeente hat de ôfrûne tiid petearen hân mei belanghawwende bedriuwen. De measte beswieren binne ôfwiisd of nei petearen tusken amtners en gemeente fan tafel gien. It Frysk Lânboumuseum bliuwt wol berikber, mar dan moatte besikers earst wol de stêd yn ride.
Yn it gebiet fan de dyk wurdt de kommende tiid in begjin makke mei de oanlis fan de nije wenwyk Middelsee.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei wethâlder Friso Douwstra
© Google Street View