Hearrenfean wint nei twa oeren fan SV Meppen

05 jul 2019 - 21:38

Sportklup Hearrenfean hat ek de tredde wedstriid yn de tarieding fan it nije seizoen wûn. Op it fjild fan SV Mulier yn Wytmarsum waard it tsjin SV Meppen 5-4 yn it foardiel fan de Feansters.

Jens Odgaard (m) skoarde twa kear - Foto: Orange Pictures

Yn stee fan de normale njoggentich minuten spilen de teams fjouwer kear in healoere. SV Meppen, dat op it tredde Dútske nivo útkomt, kaam nei in pear minuten op foarsprong troch Max Kremer. Hy fersulvere in penalty. Dêrnei soarge de nije oanwinst Jens Odgaard mei twa goals foar de 2-1.

Yn it twadde healoere skeat Arjen van der Heiden raak en skoarde Ben Rienstra in penalty.

Nei it skoft kaam Meppen werom yn de wedstriid troch in goal fan René Guder. Yn it lêste healoere waard it fia Julius Düker en Hilal El-Helwe ek noch 4-4.

Mei noch fiif minuten te gean soarge Jordy Bruijn foar de oerwinning troch in hoekskop fuort binnen te sjitten.

Opstelling earste oere: Hahn; Akujobi, Høegh, Dresevic, Woudenberg; Kongolo, Rienstra, Ras; Van Bergen, Odgaard, Van der Heide.

Opstelling twadde oere: Bednarek; Floranus, Drkusic, Skovgaard, Beuker; Faik, Frederiksen, Bruijn; Westra (91/ Maloku), Hornkamp, Mihajlovic.

(Advertinsje)
(Advertinsje)