Ljouwert wint iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote

05 jul 2019 - 21:35

It Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote is freedtejûn wûn troch de manlju fan LKC Sonnenborgh út Ljouwert. Se wiene yn de finale te sterk foar it team fan KV Onder Ons Easterlittens.

Enno Kingma fan Ljouwert slacht de bal op - Foto: Henk Bootsma

De finale sette freedtejûn om 19:30 útein. De beide teams giene yn it begjin goed gelyk op, oant in tuskenstân fan 4-4 spul gelyk. Dêrnei slagge it Ljouwert om út te rinnen. Uteinlik kaam thúsploech Easterlittens der net mear oan te pas, en wûn Ljouwert mei 10-6.

Easterlittens wie yn de finale kaam troch op tongersdei Frjentsjer mei 8-1 te ferslaan. Ljouwert hie yn de oare heale finale ek gjin problemen, en fersloech Winsum mei 8-2.

It IFK 2019

Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen, dy't ferskilt fan it tradisjonele Fryske spul: sa bestean de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.

Op it Iepen Frysk Kampioenskip 2019 dogge 28 teams mei. Fan dy 28 partoeren spylje 24 fan moandei 24 juny oant en mei tongersdei 27 juny yn de foarronden.

Freed 28 juny begjint dan de earste omloop mei de tolve winners fan de foarronden en de fjouwer bêste teams fan ferline jier. De twadde omloop is op 2 en 3 july en in dei letter binne de heale finales. De finale folget op freed 5 july.

Alle wedstriden binne op it doarpsplein yn Easterlittens.

Trefwurden: 
Jeu de Pelote
(Advertinsje)
(Advertinsje)