Froulju fan Hearrenfean begjinne it nije seizoen tsjin PSV

05 jul 2019 - 21:21

De froulju fan SC Hearrenfean moatte yn de earste ronde fan de nije kompetysje thús tsjin de froulju fan PSV. De KNVB presintearre freed it kompetysjeprogramma fan de earedifyzje foar froulju.

Foto: Orange Pictures

Njonken it nijs oer de kompetysje waard freed ek bekendmakke dat der takom seizoen ek op sneintemiddei wedstriden spile wurde sille. Freedtejûn bliuwt de fêste kompetysjejûn mar der komt no ien wedstriid op de sneintemiddei by.

Allinne yn de lêste twa rondes begjinne alle wedstriden tagelyk, dit bart dan op de tradisjonele freedtejûn.

De earedifyzje foar froulju bestiet dit seizoen út acht klups. Njonken SC Hearrenfean dogge ek FC Twente, Excelsior, PSV, PEC Zwolle, VV Alkmaar, Ajax en Den Haach oan de frouljuskompetysje mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)