Joop Atsma wol vice-foarsitter Earste Keamer wurde

Joop Atsma út Surhústerfean is ien fan de fiif Earste Keamerleden dy't him kandidaat stelt foar it vice-foarsitterskip fan de Earste Keamer, foar de perioade 2019-2023. It CDA-Earste Keamerlid giet de konkurrinsje oan mei Arda Gerkens(SP), Jopie Nooren ((PvdA), Dorien Rookmaker (FVD) en Jeroen de Vries (FVD). De funksjes fan de earste- en twadde-ûnderfoarsitter binne beskikber sûnt it oantreden fan de nije Earste keamer yn juny.
© CDA
Yn de Earste Keamer binne de ûnderfoarsitters, mei de foarsitter, lid fan de húshâldlike kommisje. Dit orgaan hâldt tafersjoch op it wurk fan de griffy en de oare húshâldlike wurksumheden fan de Earste Keamer.
Tiisdei 9 juli stimt de Earste Keamer oer de beneaming fan de nije ûnderfoarsitters. De gadingmakkers kinne yn de plenêre gearkomsten harren kandidatuer taljochtsje, en kinne dan ek fragen fan oare senatoaren beäntwurdzje
De ferkiezing is rjochtstreeks te folgjen fia livestream van de Earste Keamer.