Gurbe Douwstra komt nei hast tsien jier mei nij album

05 jul 2019 - 20:51

Nei hast tsien jier komt Gurbe Douwstra wer mei in nij album: 'Op 'n paad'. By Noardewyn Live liet de sjonger foar it earst de nûmers hearre oan it Fryske publyk.

"It wie dreech om oan it skriuwen te reitsjen", sa fertelt Douwstra, "meastentiids duorret it seis moannen oant in jier foardat ik wer begjin mei it skriuwen fan ferskes nei it ferskinen fan in album. Mar dizze kear kaam de ynspiraasje mar net foar nije nûmers."

Yn de tsien jier tusken it lêste album 'Thús' en no hat Douwstra mei in protte oare projekten dwaande west, en ek dat soarge derfoar dat it skriuwen fan nije ferskes der net fan kaam. "It skriuwen fan ferskes is in ambacht, der moatte je echt de tiid foar nimme en de romte foar hawwe. Mar nei fiif jier begûnen minsken dochs faker te freegjen wannear't der in nei album kaam. Foaral doe't ik it nûmer 'As it myn tiid is' útbrocht, wie de ferwachting fan minsken dat der dan ek gau in album komme soe."

Ik bin no 65, ik hoech gjin "rock n roll" mear te meitsjen.

Gurbe Douwstra

Douwstra antwurde dêrom regelmjittich mei "takommend jier is it der". En no is it album der dan lang om let. De ferskes hat Douwstra yn de ôfrûne jierren komponearre. En doe't alle ferskes der wiene, wie it album in heal jier letter al klear.

Akoestysk

It nûmer 'Fryslân stjonkt' hat Douwstra as earste skreaun: "ja, dat nûmer haw ik al skreaun foardat de Sintrale As fan Ljouwert oanlein wie." In favoryt wol Douwstra net oanwize. "It is dan krekt as datst my fregest wa fan myn bern ik no it leukste fyn. It binne allegearre prachtnûmers." Mar 'As it myn tiid is' hat dochs wol in hiele spesjale betsjutting foar Douwstra, om't hy dat nûmer foar syn bern skreaun hat. Earder is it al as single útbrocht, mar it mocht seker net op it nije album ûntbrekke.

Foto: Steven Zwart

De arranzjeminten binne oanpast en mear akoestysk yn fergelyk mei de single dy't earder útbrocht is. Ek de rest fan it album is wat mear neaken as de foarige albums. Der binne minder ynstruminten, krekt lykas it earste album. "Ik bin no 65, ik hoech gjin "rock n roll" mear te meitsjen. It akoestyske is ek in rjochting dêr't ik sels mear yn ûntwikkele bin de ôfrûne jierren."

En doe't ferslachjouwer Marjelle in opmerking makke oer it lêste album fan Johnny Cash ljochte Douwstra op. "Dy brutsen stim, it kwetsbere. Dat sprekt my oan. Dat is ek mear de hoek dêr't it album 'Op 'n paad'yn sit'.

Hit

En oft der wer in meunsterhit lykas Cliffs of Moher of Lit jim gean yn sit? "Dat is oan it publyk om te bepalen".

Trefwurden: 
muzyk Gurbe Douwstra album
(Advertinsje)
(Advertinsje)