Omstriden bou wenningen De Harkema kin trochgean

05 jul 2019 - 19:41

Op de Fûgelkamp op de Harkema komme fjouwer nije wenningen op in terrein dat flak njonken in begraafplak leit. Buertbewenners binne fûl tsjin op de plannen. Mar dêrnettsjinsteande stimde in mearderheid fan de gemeenteried fan Achtkarspelen foar de huzebou.

It gemeentehûs fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In fjouwertal fraksjes - de FNP, de PvdA, de PVV en GrienLinks - besocht mei in amendemint de realisaasje fan de twa-ûnder-ien-kapwenningen noch op te hâlden. Neffens harren is der gjin needsaak om op it stik grûn te bouwen. Dêrby waard ek wiisd op de tsjinstân fan de omwenners. De rest fan de ried - CDA , ChristenUnie, GBA, VVD en Raadslid Buising - stimden tsjin it amendemint, wêrtroch't der úteinlik tastimming kaam foar de bouplannen.

Wethâlder Jouke Spoelstra seit dat der gjin ôfspraken of tasizzingen dien binne oer it te bebouwen stik grûn. Der wiene lûden dat de omwenners tasizzingen krigen hiene dat der net op it stik grûn boud wurde soe. Spoelstra is it der lykwols wol mei iens dat de beslútfoarming rûn dit tema rommelich wie.

(advertinsje)
(advertinsje)