Ljouwerter Karin is 'haad iten' by Jumbo-Visma mei de Tour de France

05 jul 2019 - 19:32

It grutste hurdfytsspektakel fan de wrâld, de Tour de France, set sneon útein. De mondiale hurdfytselite begjint mei in etappe fanút Brussel om oer goed trije wiken neffens tradysje te einigjen op de Champs-Élysées yn Parys. It team Jumbo-Visma stiet dit jier mei ferskate Nederlânske topfytsers folop yn de belangstelling en hat dêrby ek Fryske ynbring yn de ploech.

Foto: ANP

Karin Lambrechtse fan Ljouwert is nammentlik as 'haad iten' belutsen by it team Jumbo-Visma. Sy moat derfoar soargje dat de hurdfytsers in sa goed mooglike prestaasje leverje kinne.

"Op de gram nauwkeurig"

"Ik maak vijf maaltijden per dag: het ontbijt, de 'recovery-meals' in de bus en het diner en avondsnacks", fertelt Lambrechtse. "Daarna pakken we de wagen weer in en vertrekken we naar de volgende locatie. We kunnen eigenlijk alle voeding kiezen die we willen uit de webwinkel. We koken op de gram nauwkeurig voor alle renners persoonlijk."

Foar Lambrechtse is it har earste echte Tour de France. De ferwachtingen fan it team Jumbo-Visma binne heech. "Het is spannend. We proberen alles zo goed mogelijk voor te bereiden. Daarbij probeer ik de renners zo goed mogelijk te leren kennen. Het is van belang dat zij de best mogelijke voeding krijgen, en daarna uiteraard zo goed mogelijk kunnen presteren!"

Karin Lambrechtse yn Weistra op wei

(Advertinsje)
(Advertinsje)