Gouden Swipe foar de sânde kear nei Hiltsje Tjalsma

Hiltsje Tjalsma fan Blauhûs hat freed foar de sânde kear de de draverij om de Gouden Swipe op de Nutsbaan op 'e Jouwer wûn. Tjalsma wûn de draverij dizze kear mei it hynder Monaco Royal Event.
© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Hiltsje Tjalsma
It wie wer gesellich drok by de tradisjonele Swipedei op 'e Jouwer. De Harddraverij- en Renvereniging Joure set him al sûnt 1885 yn foar de hippyske sport. Twa kear yn it jier wurdt der in hurddraverij organisearre op de draafbaan fan De Jouwer.
Goed njoggentich dielnimmers ferskynden freed oan de start. Der waarden tsien koersen organisearre.. Der waard sawol efter as op it hynder koerst.