SC Hearrenfean ferliest opnij ien fan har skouts

05 jul 2019 - 19:07

De ynternasjonale skout Peter Maas makket de oerstap fan SC Hearrenfean nei NAC Breda. Maas wie sûnt 2014 yn tsjinst by Hearrenfean. Yn Breda krijt hy de kâns om as haadskout oan de slach te gean.

It Abe Lenstra Stadion - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Technysk manager Gerry Hamstra: "We vinden het erg jammer dat Peter vertrekt, met hem verliezen we een gedreven vakman. We gunnen hem deze mooie kans als hoofdscout in de provincie waar hij woonachtig is. We willen Peter dan ook bedanken voor zijn diensten bij onze club en wensen hem het allerbeste toe en heel veel succes met deze nieuwe uitdaging in Breda."

Untefreden skouting

Peter Maas is net de iennige skout dy't út himsels opstapt by Hearrenfean. Yn oardel jier tiid hawwe folle mear skouts de klup ferlitten. Bert Pijffers, Ate van der Meulen, Ko Nederhoed en Herman Wegereef hawwe Hearrenfean út ûnfrede de rêch ta keard. In âld-skout lit witte dat hy opstapt is, omdat hy net mei technysk manager Gerry Hamstra troch ien doar koe. "Dan fierden we hiele diskusjes oer spilers dy't hy (Hamstra red.) hawwe woe, mar dy't de rest fan 'e skouting net sitten seach. Der wie gewoan net mei dy man gear te wurkjen."

Gerry Hamstra

Gerry Hamstra befêstiget dat in soad skouts fuortgien binne, mar seit ek dat alle posysjes alwer opnij ynfolle binne. "Karel en ik waren best verrast door het vertrek van Peter Maas, maar er wordt gewoon een vervanger voor gehaald. Ook de andere posities zijn weer ingevuld. Alleen voor Bert Pijffers hebben we een hoofd jeugdscouting teruggehaald. Daardoor kan Karel (Brandsma red.) zich meer bezig houden met de prof scouting."

Trefwurden: 
SC Hearrenfean Peter Maas
(Advertinsje)
(Advertinsje)