Tal reizgers stasjon Ljouwert mei seis prosint tanaam

It tal treinreizgers dat fia it stasjon fan Ljouwert reizget is yn 2018 mei seis prosint tanaam. Ljouwert is dêrmei nei Grins it drokste treinstasjon fan Noard-Nederlân. Assen stiet op it tredde plak.
It stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Yn Noard-Nederlân is Grins it grutste stasjon mei 17.768 reizgers. Al rûn dat tal werom mei ien prosint. Ljouwert stiet op it twadde plak mei 10.393 yn- en útstappers, dat is in groei fan seis prosint. Assen stiet tredde op de ranglist fan it noarden mei 8569 reizgers op in dei. In groei fan trije prosint. It grutste stasjon fan it lân is noch hieltyd Utrecht Centraal mei 194.000 yn- en útstappers. Twadde plak giet nei Amsterdam Centraal mei 192.000 reizgers op in dei.

Wolvegea

Yn Wolvegea is tal reizgers krekt werom rûn mei sân prosint. It giet yn 2018 om 1575 reizgers op in dei. Yn 2017 wiene dat der noch 1699 reizgers. Dêr tsjinoer docht it stasjon yn Steenwijk it opmerklik goed, lit de NS witte. Dêr is sprake fan in groei fan fiif prosint. Fan 3646 nei gemiddeld 3825 reizgers de dei. It liket der op dat in part fan de Stellingwerfse reizgers útwykt is nei Steenwijk.
Stasjon Meppel is ek groeit mei seis prosint. Yn de oare rjochting groeide stasjon Hearrenfean mei ien prosint. Fan desimber 2017 ôf hâldt de intercity tusken Ljouwert en Zwolle net mear stil by de stasjons Wolvegea, Grou-Jirnsum en Akkrum.
Alle jierren jout NS in aktueel byld fan de tal yn- en útstappers de stasjon. Yn dit gefal binne it de earste sifers nei in yngripende oanpassing fan de tsjinstregeling yn 2017. Dizze persintaazjes binne basearre op de NS-reisgegevens fan it ôfrûne jier en gean út fan in gemiddelde wurkdei. De list bestiet allinnich út stasjons en trajekten dêr't NS rydt.