Winkeldief flibet agint ûnder op It Hearrenfean: ien moanne sel

05 jul 2019 - 17:42

In 59-jierige ynwenner fan Drachten moat in moanne nei de finzenis, omdat er in agint yn boarger yn it gesicht flibe hat. De plysje hâlde de Drachtster op 30 maart oan, neidat er by de Action op It Hearrenfean koeken en Snickers stellen hie.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De agint seach dat en spruts de Drachtster oan. De Drachtster makke de plysjeman út foar homo, rasist en fasist. "Dat zijn klinklare beledigingen', oardiele de plysjerjochter. "Het schelden is vervelend, maar het meest vervelende is dat je bespuugd wordt", sei de offisier fan justysje. Dat fûn ek de rjochter. "Het is een van de laagste vormen van belediging."

(Advertinsje)
(Advertinsje)