Oprop soarchynstellings Ljouwert: Stel gemeenteplannen út

05 jul 2019 - 17:03

De gemeente Ljouwert moat in 'pas op de plaats' meitsje as it giet om it trochfieren fan de nije plannen foar de soarch. Dat fine fjouwer grutte soarchoanbieders. Yn in brief oan wethâlder Herwil van Gelder litte de bestjoerders fan GGZ-Friesland, soarchgroep Alliade, de Kwadrantgroep en de ROZ groep witte dat der noch tefolle risiko's binne foar har kliïnten.

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

Yn de gemeente Ljouwert moat de kommende jierren 3,6 miljoen euro besunige wurde op de soarch, de saneamde WMO, de Wet Maatschappelijke Ondersteuning. It giet dan bygelyks om minsken dy't holpen wurde yn de deibesteging. It plan soarget foar in soad argewaasje by soarchoanbieders en har kliïnten.

Van Gelder paait oanbieders

De fjouwer oanbieders hawwe ôfrûne moandei mei Van Gelder om tafel sitten. De wethâlder hat dêr twa útstellen dien om de partijen mei te krijen yn it nije soarchplan. Sa is de partijen frege mei te wurkjen oan in proef dy't giet om it jaan fan yndikaasjes. Dy binne nedich foar it krijen fan soarch. Dat proses moat folle makliker en ek moat der minder wurke wurde mei beskikkingen.

Van Gelder syn twadde útstel is dat der mear minsken dy't no soarch en help krije yn in beskerme omjouwing (twaddelijn) oergean nei in sitewaasje wêryn't se dat net mear hawwe. Yn de lêste sitewaasje binne de kliïnten oanwiisd op bygelyks thússoarch. Yn it plan hjit dat de basisstipe, dat is de saneamde earstelijns-soarch.

Problemen foarkomme

Yn it soarchplan stiet Van Gelder foar dat mear minsken fanút de twadde oergean nei de earste. Soarchynstellings binne it dêr net mei iens. Sy fine de risiko's foar har kliïnten, it personiel en de ynwenners fan Ljouwert te grut. Troch in feroaring fan de soarch en de begelieding kin it sa wêze dat guon soarch mije, wylst se dat al nedich hawwe. Dat kin foar problemen soargje, sa warskôgen de oanbieders al earder. Al kinne se har fine yn de proef om minder burokratysk te wurkjen.

Woansdei nimt de gemeenteried fan Ljouwert in beslút oer de takomst fan de soarch, de WMO, yn de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
Ljouwert soarch Wmo
(Advertinsje)
(Advertinsje)