Jildboete foar treinsurfers: "Levens- en levensgevaarlijk"

05 jul 2019 - 16:55

Twa treinsurfers binne foar de kantonrjochter yn Ljouwert feroardiele ta in jildboete fan 250 euro. In 24-jierige studint út Grins en in 22-jierige ynwenner fan Warns klommen ferline jier, op 21 oktober, op in trein fan Ljouwert nei Grins. Dit diene se moarns betiid yn dronken tastân.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De tweintigers waarden yn Bûtenpost ûnderkuolle fan de trein helle. In tsjûge seach de twa by De Westereen op de trein sitten. De fertochten wiene nei it Oktoberfest op it Saailân yn Ljouwert west. "In de kleding die erbij hoort", sei de rjochter. Op it feest waard ûnbeheind dronken. "Dat liet u zich geen twee keer zeggen", stelde de rechter.

De fertochten hiene safolle dronken dat se in oantal dielen fan de jûn en nacht net mear heuge kinne. De lêste trein nei Grins koene de twa ek net mear helje en foar de earste wiene se te betiid. De twa wiene it yn it foar net fan plan, mar klommen dochs op it dak fan de trein. Underweis waard in filmke makke dat viraal gie.

Fia Snapchat op Instagram

Dêr wiene de fertochten net bliid mei. "We wilden absoluut niet in de media komen", seit de Grinzer. It filmke wie fia Snapchat op Instagram terjocht kaam. Yn Bûtenpost wiene se yntusken stienkâld doe't se troch personiel fan Arriva fan de trein helle wurden. "Dit was echt levens- en levensgevaarlijk", fûn de offisier fan justysje. Benammen yn it begjin fan it trajekt steane de boppeliedingen fan de trein ûnder heechspanning.

Neffens de offisier fan justysje koene de twa elektrokutearre wurde of se hiene fan de trein waaie kinnen yn it fergeze ritsje nei hûs. 'Dit was blijkbaar de oplossing. Dit had helemaal fout kunnen gaan', seit de offisier. It aventoer levere Arriva skea op omdat de trein de rit op it trajekt net ôfmeitsje koe. De skea, goed 3.100 euro, is foar safier bekend net ferhelle op de treinsurfers.

Trefwurden: 
rjochtsaak treinsurfer
(Advertinsje)
(Advertinsje)