Lanlike skeelkommisje nimt beslut oer takomst basisskoalle De Tike

05 jul 2019 - 16:14

De lanlike skeelkommisje ûnderwiis bûget him oer de takomst fan basisskoalle De Gielguorde yn De Tike. De skoallekoepel wol dy fusearje litte mei de skoalle yn De Pein, omdat der te min bern op sitte.

Alders en bern fiere aksje foar it behâld fan skoalle De Gielguorde - Foto: Omrop Fryslân

In groep âlders wol De Gielguorde iepenhâlde: sy sizze dat der genôch jonge húshâldingen yn it doarp binne, dy't de bern der dalik op skoalle dwaan wolle. De meisizzenskipsried fan de skoalle is ferdield oer de fúzjeplannen. De belutsen partijen komme der mei inoar net út en dêrom is de skeelkommisje ynskeakele.

De direksje lit witte dat se de situaasje tige ferfelend fine, sa flak foar de simmerfakânsje. Elkenien hat belang by dúdlikheid en it leafst sa gau mooglik. De útspraak fan de skeelkommisje duorret maksimaal trije wike en is binend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)