Lês hjir wat de takomstplannen fan SC Hearrenfean binne

Sportklup Hearrenfean wol it operasjoneel tekoart fan seis miljoen euro werombringe nei twa miljoen euro. Dat skriuwe se yn it strategysk plan dat freed presintearre is. We makken in gearfetting fan de belangrykste punten út dy strategysk plan.
© www.orange-pictures.nl
De opbringsten moatte realisearre wurde neffens in oantal punten:

Stadionbesetting omheech

De stadionbesetting moat omheech nei in gemiddelde besetting fan 84 prosint. Dat komt del op 22.868 taskôgers de wedstriid. It ôfrûne seizoen wie dat 18.743. Hearrenfean wol ûnder oare mear froulju nei it stadion lûke. Dêrfoar sille nije konsepten makke wurde. Ek moatte der mear jongeren nei it stadion komme. Hearrenfean hat no it âldste publyk fan de earedifyzje.
Der moat mear omtinken wêze foar de kidsklup en Hearrenfean ûndersiket de opsje foar in berne-opfang. En dêr bliuwt it net by foar de bern: alle krekt-berne poppen yn de provinsje moatte in Hearrenfean-romperke krije.
Fierder sil Hearrenfean it stadion update. Se binne al dwaande mei in nije gersmatte, mar der komme ek nije skermen en in nije lûdsynstallaasje. Hearrenfean sil ek dwaan oan fanrelaasjemanagement. Neffens it plan hat Hearrenfean no net goed ynsichtlik wat de winsken binne fan de fans en wolle se dat better yn kaart bringe.

Sponsoaren en merchandise

It tal sponsoaren moat groeie fan 500 nei in totaal fan 600. De leden fan de sakeklup OSSH moatte boppedat neffens de plannen mear betelje en mear sjoen wurde as partner.
De ferkeap fan de merchandise, bygelyks fuotbalshirtsjes en sjaals, moat mei sechstich prosint omheech. De Feanstore is krekt ferboud, mar benammen de digitale webshop en de online-ferkeap moatte ferbettere wurde.
Lege stuoltsjes yn it Abe Lenstrastadion © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
As lêste moatte de telefyzjejilden wer tanimme. It ôfrûne jier sakke Hearrenfean fan it sânde nei it achtste plak, en neffens it plan moat it sânde plak wer werom pakt wurde sadat de ynkomsten wer tanimme.

De kosten

Sportklup Hearenfean wol it kommende seizoen de bedriuwskosten mei twa miljoen euro nei ûnderen bringe. Fan 23 nei 21 miljoen euro. De twa jier dêrnei moatte de kosten op dit nivo bliuwe.
De personielskosten by Hearrenfean lizze op dit stuit op 74 prosint fan de netto-omset, dat wol de klup nei ûnderen hawwe. It doel leit dêrby op 60 prosint. Der wurdt yn de takomst, sa stiet yn it plan omskreaun, noch mear omtinken jûn oan effektiviteit en effisjinsje tsjin legere kosten.

De misje fan de klup

Hearrenfean hat yn it plan ek nije misje, fyzje en kearnwearden foar de klup omskreaun. Hearrenfean wol alle seizoenen tusken de plakken seis en njoggen einigje en de kwartfinale fan de beker helje. Boppedat moat der in seleksje komme fan achttjin goeie spilers oanfolle mei fjouwer talinten út de eigen jeugdoplieding.
De fiif kearnwearden hjirby binne: Fryske mentaliteit, belutsenheid, lef toane, talint ûntwikkelje en ambysje. Dizze begripen sille rûnom yn it stadion in plak krije.
© www.orangepictures.nl

Sportyf

Yn it nije plan giet it net allinnich mar oer siferkes en abstrakte plannen, der wurdt ek sjoen nei de praktyske kant fan it fuotbaljen. Sa moat neffens Hearrenfean de scouting ferbettere wurde. It oanlûken fan goeie spilers bliuwt dêrby in prioriteit hawwen. In feroaring is dat der in haad jeugdscout oansteld wurdt. Fierder is Hearrenfean, sa as yn it plan stiet, in oantal scoutingsgebieten oan it ûndersykjen.
De klup wol in wurkgroep oanstelle foar it trainingskompleks. Dit moat ferbettere wurde, sadat de klup de konkurrinsje oangean kin mei oare klups. Dêrnjonken moat it de útstrieling fan Hearrenfean ferbetterje.
De wurkgroep sil útsykje hoefolle fjilden der nedich binne en hokker fasiliteiten der nedich binne. Dêr bliuwt it lykwols net by, want de klup wol ek sjen nei in eventuele gearwurking mei Van der Valk. De hotelketen hat nammentlik plannen om op in part fan it terrein fan Sportpark Skoatterwâld in hotel te bouwen.

Frouljusfuotbal

Der hat yn de ôfrûne moannen in soad om te dwaan west, mar SC Hearrenfean nimt de tak fan it frouljusfuotbal noch altyd net op yn de klup. Wol stiet sportklup Hearrenfean tegearre mei de gemeente garant foar in oerbrêgingskredyt sadat de froulju harren tariede kinne op it kommende seizoen. Ek wol Hearrenfean ûndersykje oft de frouljusôfdieling op termyn yn de klup yntegrearre wurde kin.
Ta beslút: It tal frijwilligers stiet ûnder druk. De leeftyd nimt ta en it oantal fan 600 moat groeie.
Nij strategysk plan Hearrenfean
"We moeten flink aan de bak"
Cees Roozemond, direkteur
"We zijn altijd de club geweest van 'mensen voelen zich hier welkom', maar de laatste tijd kun je concluderen dat dat niet voldoende heeft gewerkt. Dat dit lang niet altijd het geval was. Daar moeten we aan werken." It binne de wurden fan direkteur Cees Roozemond by de presintaasje fan it plan. Yn in heal oere tiid nimt er de sjoernalisten mei troch it plan.
Wat is neffens jo no it wichtichste punt fan dit plan?
"Dat we het met elkaar gaan doen. Zoals als de titel het al zegt. Mei-inoar foarút."
Wie dat hjirfoar net sa dan?
"Nee, te weinig in ieder geval. We waren te veel eilanden."
Jimme wolle mear supporters nei it stadion lûke. De besettingsgraad moat fan 78 nei 84 prosint. Mar hoe?
"We moeten er voor zorgen dat mensen weer naar het stadion komen en dat ook graag willen. De beleving op het veld moet anders, meer vermaak. De passie, de strijd, meer spektakel. Ten tweede moet de gastvrijheid beter. Betere faciliteiten rond een wedstrijd, daar moeten we in investeren. Ons publiek moet verjongen, we willen meer vrouwen naar het stadion trekken. Zulke zaken moet je aan denken."
It tal sponsoaren moat groeie fan 500 nei 600 leden. Hoe wolle jimme dat dwaan?
"We hebben nu 480, 490, maar er komen ook twee tot drie sponsoren per week binnen. Dat zijn mensen die zeggen wij willen wel bij dat nieuwe elan horen. Het pakket rond de wedstrijd moet beter. We gaan proberen sponsoren één op één te benaderen."
It operasjoneel tekoart fan seis miljoen euro moat mei dik fjouwer miljoen nei ûnder. Hoe soarchlik is dat operasjoneel tekoart?
"We hebben er allemaal vertrouwen in dat dit plan lukt. Het operationeel is tekort is weer iets opgelopen en is nu 6,1 miljoen euro. Dat is niet zorgwekkend in die zin. Kijk, de doelstelling is om dat op twee miljoen te krijgen. Dat is realistisch. In relatie met ons eigen vermogen van zo'n 24 miljoen is dat niet zorgwekkend. Alleen is het wel zorgwekkend voor de continuïteit van de club. We moeten ook aan de slag met de huur en de onderhoudskosten. Die bedragen nu 20 procent van de totale omzet. Dat is veel te veel."
Hoe sit it mei de haadsponsor?
"We spelen de eerste wedstrijden met KiKa op ons shirt. We voeren momenteel interessante gesprekken met concrete partijen. Wel vinden we dat het bedrag op het shirt omhoog moet. Dat moet naar 750.000 euro en eigenlijk hopen we op een partner die zich voor drie jaar aan ons wil conformeren. Ook met het oog op het honderdjarig jubileum."
Gerry Hamstra