Freedsmerk oer WK-finale: "Fjochters binne it, taaie kringen"

"Fjochters binne it, taaie kringen", sa sei in besiker fan de Ljouwerter freedsmerk op de fraach wat hja fynt fan de prestaasjes fan de froulju op it WK fuotbal. "Dus al binne dy Amerikaanske froulju miskien wol better, Oranje hat altyd kâns."
© www.orange-pictures.nl
De freedsmerk oer de prestaasjes fan it Nederlânsk alvetal
De prestaasje fan de froulju rôpen sels emoasjes op. "Ik hie de triennen yn 'e eagen. Geweldich." Ek de term 'bikkels' kaam in pear kear foarby en dat de manlju der noch wol wat fan leare koene. Hjir en dêr waard it ek wol wat relativearre. "Se ha wol in soad gelok hân." En: "It spul is net al te bêst. Passes komme hiel faak net oan."
En gelokkich ûntbrutsen ek de klisjees net. "De bal is rûn, de wedstriid duorret njoggentich minuten en it begjint mei 0-0. Alles is dus mooglik." Ien man moast earst thús noch ûnderhannelje oer de finale. Hy mocht fan syn frou oant no ta allinnich de twadde helte fan de wedstriden sjen. "Sy hâldt net fan fuotbal, sjoch."