Fryslân of Hollân, wa hat de bêste kaarten foar it Twakamp Fierljeppen

De twakamp is de iennige wedstriid foar fierljeppers dy't yn teamferbân plakfynt. It duel tusken de bêste 24 fierljeppers fan it Frysk Ljeppers Boun (FLB) en de 24 toppers fan de Polsstokbond Holland (PBH) stiet sneon 6 july foar de 54e kear op it programma. Sûnt 1966 wie Fryslân leafst 40 kear de sterkste. Mar de Hollanners binne dwaande mei in geweldige opmars. Yn de lêste fiif jier kamen se fjouwer kear as sterkste út de striid.
Hollân gong der mei de winst fantroch yn Linschoten yn 2018 © Martin de Jong
Op basis fan it klassemint wurde de 24 sterkste ljeppers fan beide bûnen selektearre foar de twakamp. Yn beide bûnen dogge acht senioaren, fjouwer froulju, fjouwer junioaren, fjouwer famkes en fjouwer jonges mei. Alle dielnimmers springe fjouwer kear, en de fierste sprong telt mei foar it twakamp-klassemint. De optelsom fan alle sprongen leveret de einstân op.
Foarútblik Twakamp Fierljeppen Drylts
Ofrûne woansdei ljepte Nard Brandsma yn It Heidenskip mei 20.55 meter de fierste sprong fan it seizoen yn Fryslân. Yn Hollân wurdt lykwols in stik fierder ljept. Dêr waard al sân kear oer de 21 meter ljept. Kopman Jaco de Groot wie goed foar fiif fan dy fiere sprongen en stiet op in gemiddelde fa 20.70 meter de wedstriid.
Yn alle kategoryen, útsein dy fan de famkes, liket Hollân superieur oan de Friezen. Op basis fan de gemiddelden by de Topklasse ljeppe de acht Hollanners dan bygelyks mear as 3,5 meter fierder as de Fryske senioaren.
De 53e edysje fan de twakamp tusken Fryslân en Hollân is sneon yn Drylts.

Drompelôfstannen

Om foar te kommen dat in ljepper troch fjouwer wietsprongen nul meters makket, krijt eltsenien in drompelôfstân mei.
By de senioaren leit de drompel op 16 meter, dêr boppe telle de sentimeters mei foar de einútslach. De ôfstannen yn de oare kategoriën binne as folget:
Junioaren 15 meter
Jonges 13 meter
Froulju 12 meter
Famkes 11 meter
De Twakamp tusken Fryslân en Hollân begjint dan ek mei in tuskenstân fan 332 meter om 332 meter.