Alve foar, tolve tsjin: nije wenwyk yn Burgum giet net troch

05 jul 2019 - 14:33

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel hellet in streek troch de nije wenwyk De Warren, dy't oan de westkant fan Burgum komme soe. De tolve riedsleden fan FNP, GrienLinks, VVD en D66 wiene tsjin, wêrtroch't de alve foarstanners fan CDA, PvdA en ChristenUnie belies jaan moasten.

"It giet net barren yn De Warren" - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De wenwyk hie boud wurde moatten oan de oare kant fan de Sintrale As, fanút Burgum sjoen. De kâns om hûndertfyftich nije wenten yn Burgum te bouwen, wie in kado fan de provinsje as tsjinprestaasje fan de tolve miljoen euro dy't Tytsjerksteradiel bydroegen hat oan de Sintrale As.

De tsjinstanners fine dat de komst fan de wyk net goed is foar de natuer. Ek kwa ferkear soe it ta problemen liede. Troch it skrassen fan de nije wenwyk wurde de finansjele problemen foar de gemeente grutter. De grûn fan De Warren feroaret fan bougrûn nei lânbougrûn en wurdt dêrtroch goed trije miljoen euro minder wurdich. Dêrtroch groeit it finansjeel tekoart fan de gemeente oer 2018 nei sân miljoen euro.

Trefwurden: 
Burgum De Warren
(Advertinsje)
(Advertinsje)