Resinsje: Kollumer Oproer makket fan skiednis ûnderhâldend spektakel

05 jul 2019 - 14:28

In opstân yn Kollum yn 1797 tsjin de Frânske besetters smyt nei 222 jier in teäterstik op dat besikers net allinne twa oeren lang fermakket, mar op mominten ek fragen stelt. Wat is dyn lot en soest de skiednis feroarje as dat koe? Salomon Levy wie de lieder fan it Kollumer Oproer en kaam út De Westereen. Hy hie in mentaliteit dy't by syn komôf paste en hy wurdt kordaat spile troch sjonger Syb van der Ploeg. Hy ropt as syn holle ûnder de guillotine leit: "Ik haw gjin spyt, it libben wie in aventoer. Einlings bin ik frij".

Syb van der Ploeg as Salomon Levy - Foto: Piet Douma

Dat it foar de oanhingers fan Oranje ferkeard ôfrint, is bekend. Frânske soldaten slaan de opstân del en Salomon Levy, syn kompanen Jan Binnes (Piter Wilkens) en Abele Reitses (Johannes Rypma) wurde oppakt mei nochris 200 striders tsjin de oerhearsking fan Napoleon.

It Maartensplein neist de tsjerke dêr't sy opsletten waarden, wie it dekôr fan dizze skiednis yn teäterfoarm. De feiten fan doe wurde ferteld troch in medium fan no: Google Maps, spile troch Meriyem Manders. Saaklik, sa as in kompjûter docht. Mar somtiden mei in filosofyske ûndertoan. "De geschiedenis kan niet begraven worden."

Wat opfalt, is dat der in soad songen wurdt. Begryplik ast betinkst dat de haadrolspilers ferneamde artysten binne. De lieten binne mei soarch útsocht en heakje yn op de tema's dy't oan de oarder komme. It is bytiden loftich as Abele Reitses sjongt 'Bin ik te min' (Armand), wannear't hy driget syn famke te ferliezen oan in patriot.

Somtiden is it foarspelber as it giet oer bearenburch ('is myn sjirurch' fan Piter Wilkens), mar ek ynkringend as slachtoffer fan in oantaasting Djoeke Binnes sjongt oer in traumatysk barren.

De Kollumse Carla de Bruine pakt it publyk mei har boadskip en geweldige stim dy't út har djipste wei komt. "As it dy net oerkomt, witsto net hoe't it fielt". #metoo dus, in aktueel tema. En sa wiene der mear.

As de jonge Salomon Levy flechtet út Dútslan nei Nederlân wurdt hy diskriminearre as Joad. "Do bist oars", sizze sy tsjin him yn Fryslân. Miskien wat fier socht komt dan ynienen Foekje Dillema letterlik opdraven, de Boerumer dy't de fluchste wie op de atletykbaan mar fanwegen har manlik lichem net mear oan toernoaien meidwaan mei.

Levy en Dillema fine inoar yn itselde gefoel dat se net wêze meie wa't se binne. "Ik bin gewoan in koartkop, ik doch net wat oaren fan my wolle", seit Levy dy't mei syn stim en aktearprestaasjes de besikers it hiele stik yn de besnijing hâldt. Syb van der Ploeg genietet sichtber fan syn rol. Hy hat wol sein dat hy in protte hat fan de rebelske Salomon Levy. Wa't him op it Maartensplein sjocht, moat him wol gelyk jaan.

Foto: Piet Douma

Lokaasjeteäter pur sang, op it plak dêr't it him foar in part ôfspile hat. In dekôr fan stellaazjes mei in kroech, wenninkjes en in himelbêd foar de hertebrekker Levy. Levy, dy't net kiest foar in gesinslibben mei Brecht dy't dat wol graach wol, mar foar de wei dy't de skiednis foar him útstippele hat: dy fan frijheidsstrider. "Oranje Boppe", ropt hy en mei him alle spilers.

Der dogge hast 200 amateurs mei, klaaid yn klean út de Frânske tiid. Se springe, dûnsje en sjonge, de wille spat der fan ôf. Mei de sterke begelieding fan de pleatslike brassband Wilhelmina en de bandleden fan De Kast ûntstiet der geregeld grut feest. Net allinne op it toaniel, mar ek by de 1250 besikers dy't foar de foarstelling frege binne om mei te dwaan. En dat dogge se!

Doe't ik as lyts jonkje opgroeide yn Kollum, grypte it ferhaal my by de kiel. Unferskrokken keardels, foar net ien benaud, dy't dy Frânske soldaten efkes in leske leare woene. As ik nei skoalle kuiere oer it Maartensplein ferdwaalde ik yn gedachten en seach omheech nei de toer fan de tsjerke dêr't de opstannelingen yn opsletten waarden. Juster waard ik krekt op dat plak werom smiten yn de tiid en kamen de bylden in myn holle ta libben en pakten my wer. Dat mei je gerêst in komplimint neame foar de makkers en spilers dy't mei passy en enerzjy in lokale skiednis op ûnderhâldende wize nei it no fertaald ha.

It Kollumer Oproer (regy Steven de Jong en Atsje Lettinga) wurdt noch sân kear opfierd oant en mei woansdei, Hast alle foarstellingen binne yntusken útferkocht.

Noch te sjen op 5, 6, 7, 8, 9, 10 july. www.kollumeroproer.nl/

(advertinsje)