UPDATE: Brân by transportbedriuw yn Haskerdiken ûnder kontrôle

In transportbedriuw oan de Van Sminiawei yn Haskerdiken is freedtemiddei troffen troch in tige grutte brân. De skuorre is ferlern gien, it wenhûs hat in soad skea oprûn.
Brân by transportbedriuw yn Haskerdiken ûnder kontrôle
Twa brânwachten út Grou, twa fan It Hearrenfean, ien fan De Gordyk en ien út Tsjalbert binne nei de brân útriden. Fierder is der in ploech út Drachten om te mjitten oft de reek ek gefaarlik stoffen befettet. Ta beslút is der ek in grut wettertransport oanwêzich.
It transportbedriuw leit sawat op de grins fan Aldeboarn en Haskerdiken. By ien fan de buorlju oan de kant fan Aldeboarn wie yn desimber 2017 ek brân.
Ferslachjouwer Andries Bakker by de brân, oan it begjin fan de middei