Fryske staveringshifker foar Microsoft-programma's presintearre

Flaterfrij Frysk skriuwe is mei yngong fan freed in stik makliker. Wa't in programma fan Microsoft Office brûkt kin tenei de Fryske staveringshifker fan de Provinsje Fryslân brûke. De download op de webside Taalhelp waard freed demonstrearre op it Provinsjehûs. Deputearre Sietske Poepjes tinkt dat mei dit programma in wichtige drompel om Frysk te skriuwen weinaam is. "Wy krije de mooglikheid om Frysk te skriuwen. De beheining dat in staveringshifker ûntbrekt, is no fuort en dat is goed foar it libjend hâlden fan ús Fryske taal."
Fryske staveringshifker foar Microsoft
Wa't it programma ynstallearret, krijt tenei allinnich noch mar reade kringeltsjes ûnder in wurd dat echt ferkeard stavere is. Oant no ta ferskynden ûnder Fryske teksten, dy't skreaun binne op in kompjûter mei de Nederlânske staveringshifker, faak reade kringeltsjes.
Neffens Poepjes hiene in soad minsken dêr argewaasje fan en wie dat foar guon sels reden om dan mar gjin Frysk te skriuwen. "Fan dy reade kringeltsjes ûnder in wurd kinst wol gek wurde. It programma seit dat der flaters yn de tekst sitte, wylst it gewoan Frysk is."

Kosten: 40.000 euro

It geskikt meitsjen fan de staveringshifker foar populêre Microsoft Office-programma's as Word en Outlook hat sa'n 40.000 euro koste. In ferantwurde ynvestearring, as je sjogge wat je dêrfoar werom krije, mient deputearre Poepjes.
De presintaasje fan de staveringhifker foar Microsoft op it Provinsjehûs © Omrop Fryslân
Neffens har is it foar de takomst fan it Frysk bûtengewoan wichtich dat de taal probleemleas brûkt wurde kin op safolle mooglik populêre platfoarms.

WhatsApp en Apple

De provinsje hat nei de staveringshifker foar Microsoft noch wol in stikmannich winsken. "Ik soe hiel graach sjen dat ek WhatsApp geskikt makke wurdt foar it Frysk", fertelt frou Poepjes. "As deputearren hawwe wy in groeps-chat, dêr't wy yn it Frysk kommunisearje, mar autokorrekt smyt der altyd wat oars út as datst wolst." Ek komt de funksje noch beskikber foar Apple.
spesjale staveringshifker-koeke op it provinsjehûs © Omrop Fryslân
De staveringshifker wurket op basis fan in troch de Fryske Akademy mei soarch gearstalde 'corpus', dêr't mar leafst 466.112 wurden yn sitte. Troch de beskikberheid fan de staveringshifker wurdt it ek foar amtners fan de provinsje en de Fryske gemeenten makliker om Fryske brieven of beliedsstikken te skriuwen, tinkt de deputearre.

Digitale dea

"De provinsje Fryslân docht der tegearre mei organisaasjes as de Afûk en de Fryske Akademy alles oan om de digitale dea fan it Frysk net barre te litten," seit sy. "Ik fyn dit in feestlike dei foar it Frysk."
Deputearre Sietske Poepjes oer de staveringshifker