Tunnel by Feanwâlden is klear: fytsers kinne feilich oerstekke

De fytstunnel yn Feanwâlden by de Goddeloaze Singel is freed iepene. Mei dizze tunnel kinne fytsers feilich it spoar passearje en hoege sy de oerwei by de âlde singel net mear te brûken.
De tunnel yn oanbou © Projectbureau De Centrale As
De winsk foar in feilige oerstek kaam fan de Gebietsûntwikkelingskommisje De Sintrale As. De âlde oerwei sil yn septimber fuorthelle wurde troch ProRail, oant dy tiid is it ôfsletten.
De tunnel is iepene troch Bertus Mulder (foarsitter fan De Sintrale As) en wethâlder Kees Wielstra fan de gemeente Dantumadiel. Ek wiene dêr learlingen fan basisskoallen De Frissen en de Theun de Vriesskoalle út Feanwâlden by.

Blombommen

De bern krigen foar de iepening in gastles fan natueredukaasje-sintrum De Klyster oer wylde bijen en blommen. Der binne rom 1.400 saneamde 'blombommen' makke en siedde. Sa wol De Sintrale As as projekt ek in bydrage dwaan oan it bioferskaat yn de omjouwing.