Santjin dagen lang hinder op spoar tusken Fryslân en Zwolle

05 jul 2019 - 12:40

Yn ferbân mei wurksumheden oan it spoar is der fan sneon 6 july oant en mei moandei 22 july beheind treinferkear tusken Fryslân en stasjon Zwolle. De ekstra reistiid kin oprinne ta trije kertier.

Foto: Omrop Fryslân, Marjelle Boorsma

De wurksumheden hawwe grutte gefolgen foar reizgers dy't mei it iepenbier ferfier fanút Fryslân nei in oar part fan it lân wolle. Takom wykein is de hinder it grutst. Dan ride der hielendal gjin treinen rûnom Zwolle. Op oare dagen is der beheind treinferkear fan en nei it stasjon yn Zwolle. Op ferskate trajekten set NS bussen yn as ferfangend ferfier.

De ferwachting is dat de wurksumheden op moandei 22 july ôfmakke wurde en dat in dei letter alle treinen wêr ride. Reizgers wurde advisearre om harren reis te plannen fia de NS Reisplanner-app.

Wichtich knooppunt

Stasjon Zwolle is it wichtichste treinknooppunt fan Noard-Nederlân. De ôfrûne jierren moasten dêr hieltyd mear reizgers oerstappe. Dy ûntwikkeling giet troch. De NS lit witte dat de spoaren klear makke wurde foar de takomst en dat de spoaren en wiksels snoader ynrjochte wurde.

Trefwurden: 
trein NS Zwolle
(Advertinsje)
(Advertinsje)