It Fryske Gea krijt 1,5 miljoen foar fûgelprojekten oan de Waadkust

05 jul 2019 - 11:18

It Fryske Gea krijt 1,5 miljoen euro út it Waadfûns foar inisjativen binnen it Waadkustprojekt mei de namme 'Wij en Wadvogels.' Dit idee is opset ûnder lieding fan de Fûgelbeskerming en hat ta doel om de fûgelpopulaasjes yn it Waadgebiet wer op peil te bringen. Earder hie it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit al in fjirde part fan it bedrach dat nedich is tasein.

Foto: ANP

Binnen it projekt wurdt net allinne sjoen nei de fûgels dy't op dit stuit yn it Waadgebiet briede, rêste en om foer útgean, mar ek nei mooglike útwreiding foar natuer- en fûgelrekreaasje.

Wêr moat der wat barre?

Konkreet binne der yn Fryslân plannen yn Peazens-Moddergat, Ferwert, Blije Bûtendyks en De Westhoek. Mei it jild wurde briedpleatsen oanlein, mar moat der ek foar soarge wurde dat kwelders geskikt binne foar fûgels en der in better behear komt oer it weidzjen fan lân.

Oare projekten

Fierder wurdt der in bûtendykse simmerpolder berikber foar de see. By Peazens sil metten wurde oft it opslykjen fan de kwelder bydraacht oan de opslach fan CO2. Ek wurde der kultuerhistoaryske eleminten opknapt, lykas âlde slûskes yn it gebiet bûtendyks.

Tegearre mei omwenners en oare organisaasjes sille It Fryske Gea en de Fûgelbeskerming de plannen takom jier fierder útwurkje. De earste útfiering fan ien fan de dielprojekten moat yn 2020 fan de grûn komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)