Ferset liket sukses te hawwen: sloop gymseal yn Snits wurdt útsteld

De sloop fan de gymseal by de Simon Havingaskoalle yn Snits is mei in heal jier útsteld. De seal soe yn de simmerfakânsje sloopt wurde, mar in groep âlders hat him de ôfrûne tiid bot ferset tsjin de sloopplannen en dat liket sukses te hawwen.
De âlde gymseal by de basisskoalle yn Snits © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Skoalkoepel Palludara is eigener fan de gymseal, mar wol dêr fanôf omdat de seal te djoer is yn de eksploitaasje. De learlingen fan de skoalle soene nei de sloop nei in oare seal moatte te gymnastykjen. De rûte nei dy seal nimt sawat in heal oere rinnen yn beslach en is ûnfeilich.
Der binne sa'n fiifhûndert hantekeningen sammele fan minsken dy't de gymseal hâlde wolle. De aksjefierende âlders wolle de kommende tiid oan de slach mei it útwurkjen fan de plannen dy't libje om de seal definityf te rêden. Der binne al ferskate partijen dy't belang hawwe de seal te brûken. In skoalle flakby hat ynteresse, de judoklup en in dûnsklup wolle der graach yn.