SC Cambuur hiert foar ien seizoen spits Mühren

SC Cambuur hat in nije spits. De Ljouwerters presintearren freedtemoarn de 30-jierrige Robert Mühren. De oanfaller wurdt foar ien seizoen hierd fan it Belgyske Zulte-Waregem.
SC Cambuur hiert foar ien seizoen spits Mühren
Technysk manager Foeke Booy lit op de webside fan de Ljouwerters witte bliid te wêzen mei de komst fan Mühren. "Robert is een slimme en ervaren speler met een enorme staat van dienst. Hij past goed in de speelstijl die we voor ogen hebben, is balvast en zijn statistieken spreken voor zich voor wat betreft zijn scorend vermogen."
Foeke Booy oer de nije spits
Mühren gie yn jannewaris 2017 fan AZ nei Zulte-Waregem. Hy tekene dêr in kontrakt oant 2021, mar it Belgyske aventoer is oant no ta gjin sukses. In heal jier letter waard de Volendammer ferhierd oan Sparta Rotterdam en ferline seizoen oan NAC Breda. Yn Noard-Brabân kaam Mühren amper oan spyljen ta: yn fjirtjin wedstriden foar de degradant skoarde er net ien kear.