De Friesland ferhuzet fan de Harlingertrekweg nei de Achmeatoer

Soarchfersekerder De Friesland ferhûzet freed yn Ljouwert fan de Harlingertrekweg nei in plak heech yn de Achmeatoer. Neffens Gerrie Riemersma fan De Friesland wie it nedich om't it âlde gebou út de jierren '80 ta is oan in goede ûnderhâldsbeurt. "En boppedat kin der gearwurke wurde mei oare soarchlabels, dy't ek in plak yn de toer hawwe," seit sy.
FH ferhuzing De Friesland
Sa'n 700 minsken krije in nij plak yn de Achmeatoer. Neist de soarchfersekerder sit ek Zilveren Kruis al op dizze lokaasje.
Uteinlik hoecht der net iens in soad ferhûze te wurden, om't it measte materiaal op kompjûters stiet. Freed wiene der moarns betiid al in soad mannen drok oan it tôgjen mei doazen. Alles út de kantoarromten komt yn blauwe bakken en wurdt nei de Sophialaan brocht. "It is dochs wol in hiele operaasje," seit Riemersma.
De Achmeatoer yn Ljouwert © Omrop Fryslan, Sybren Terpstra
"Moandei moat eltsenien begjinne oan de Sophialaan. Ik haw sels fiif jier op dit âlde plak wurke en dêrom is it dochs wol in bysûnder ôfskie. Guon stiene juster noch efkes foar de ruten om in lêste kear nei bûten te sjen," jout Riemersma oan.

Folle heger

Op it nije plak komme allinne mar fleksplakken, net ien hat dus in eigen plak. It útsicht sil feroarje, want de toer is folle heger as it gebou oan de Harlingertrekweg. "De Achmeatoer giet oant 24 ferdjippingen, mar safolle treppen rinne is wat tefolle fan it goede."
In part fan de ôfdielingen is al oer, lykas it callcentre. Klanten kinne freed noch gewoan by it âlde gebou terjochte en ek telefoanysk is de soarchfersekerder berikber.
Gerrie Riemersma fan De Friesland is foar de lêste kear yn it âlde gebou
Karin Visser is ôfdielingscoach by De Friesland, sy is al op de nije lokaasje oan it wurk. "Ik wurkje no sa'n trije wiken yn it nije gebou en in lytse trije jier by De Friesland." Der binne neffens har wol ferskillen tusken de lokaasjes. "Benammen de liften," laket Visser. "De Achmeatoer is ek nochris in stik heger, hjir is in prachtich útsicht. Oars sitst de hiele tiid efter in skerm, mar ast no efkes omdraaist sjochst de realiteit."

Opstekker foar it sintrum?

"Foar de binnenstêd moat it ek in opstekker wêze," tinkt Riemersma. "As de wurknimmers skoft hawwe, kinne sy bygelyks it sintrum of de merk oer gean om efkes wat iten te heljen."
Neffens Riemersma is der op de nije lokaasje mei opset foar soarge dat der minder sitten wurde kin op de wurkflier. "Wy wolle de minsken stimulearje om mear te stean. It bedriuw wol sa in foarbyldfunksje jaan."
De âlde lokaasje © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Karin Visser en Gerrie Riemersma op it nije plak yn de Achmeatoer