Bestjoerder rekket út 'e tiid en ramt oare auto yn Ljouwert

05 jul 2019 - 09:48

Op de Franklinstrjitte yn Ljouwert is freed in auto op in oare auto yn riden. De bestjoerder wie nei alle gedachten út 'e tiid rekke foar't it ûngelok barde.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

De bestjoerder fan de auto is mei in brankaar nei it sikehûs brocht. Hoe't it no mei de bestjoerder is, is net bekend.

It ferkear dat út de rjochting fan de Pieter Stuyvesantwei komt, wurdt op dit stuit omlieden.

(advertinsje)
(advertinsje)