Foarlêsmoarn yn biblioteek It Hearrenfean: benammen heiten moatte foarlêze

Yn de biblioteek op It Hearrenfean is freed in saneamde BoekStart-ynrin-moarn. Doel is it befoarderjen fan foarlêzen. Op sa'n moarn binne âlden, pjutten en jonge poppen wolkom, mar neffens Marije Kooistra fan de biblioteek binne benammen heiten wolkom. "Heiten hawwe in hiele wichtige rol by it foarlêzen. Sy lêze op in oare wize foar. Memmen binne faak hiel feitlik, mar heiten betinke der hiele ferhalen by."
© ANP
BoekStart bestiet lanlik al tsien jier, mar it is neffens Kooistra de tredde of fjirde kear dat dizze moarnen organisearre wurde op It Hearrenfean.

Heiten moatte foarlêze

Dat benammen heiten komme moatte neffens de biblioteek, is ek om't memmen gewoanwei faker foarlêze. "Dus it is spesjaler. En heiten helje fan alles út de kast, der komt fan alles by en dat is foar bern hiel moai," seit Kooistra.

Taalûntwikkeling

Kooistra: "Foar de taalûntwikkeling is it hiel wichtich, benammen foar de jongste doelgroep fan 0 oant 3 jier âld. Dy moatte alles noch leare en sy kinne troch foarlêzen de wrâld ûntdekke." Boppedat is it gewoan gesellich. "Dan sitst smûk op 'e bank, it is ek goed om in hechte bân te krijen. En do stiest der fersteld fan wat sa'n lyts berntsje al wit."
De biblioteek hat hieltyd in gruttere rol krigen as it giet om foarlêzen foar bern. "Wy soargje foar oplieiding en kolleksjes mei boeken foar berne-opfangen."
Op freed stiet fan 10.00 oere ôf it boek De Wiebelbillenboogie fan Guido van Genechten sintraal. "Dus der moat ek noch dûnse wurde hjoed," seit Kooistra. Alden kinne fierder fragen stelle, yn 'e kunde komme mei boeken en ûnderfining útwikselje. En fansels wurdt der foarlêzen oan bern.
Marije Kooistra fan de biblioteek op It Hearrenfean