Technykûnderwiis It Hearrenfean, De Gordyk en Wolvegea krijt 3,3 miljoen
It op it berop rjochte technykûnderwiis fan it vmbo en mbo yn It Hearrenfean, De Gordyk en Wolvegea krijt 3,3 miljoen euro subsydzje om it ûnderwiis te fersterkjen. It projektplan fan de gearwurkjende skoallen is dizze wike troch it ministearje goedkard. It is neffens de skoallen nedich om genôch technisy yn de regio te hâlden.
It takennen betsjut dat it Kei College, it Linde College, de Burgemeester Harmsmaschool, it Nordwin College, Terra Wolvega, ROC Friese Poort en it Friesland College de plannen útfiere kinne. Dat sil takom skoaljier barre ûnder de namme: 'Sterk Techniek Onderwijs Regio Heerenveen, Wolvega en Gorredijk.'
Noch in grutte opdracht
Der sil gearwurke wurde mei de oerheid en it bedriuwslibben yn de regio. De skoallen wolle derfoar soargje dat it tal learlingen yn it technykûnderwiis lyk bliuwt, benammen as it giet om de technyske profilen fan it vmbo dy't op it berop rjochten binne. Neffens de skoallen is dat noch in 'stevige ambitie in tijden van een dalend leerlingenaantal.'
It ûnderwiis fan de basisskoalle, it fuortset ûnderwiis en it mbo moatte better op inoar oanslute. Skoallen, it bedriuwslibben en de oerheid sykje inoar op om't sy genôch technisy yn de regio hâlde wolle.
Tekoart
Direkteur Peter van Tuinen fan it Kei College yn It Hearrenfean: "Er is een enorm tekort aan gekwalificeerde arbeidskrachten in de techniek. De verwachting is dat het tekort de komende jaren alleen maar zal toenemen." Dêrom is dizze subsydzje wichtich. "We hebben hier in de regio mooie bedrijven. Hoe mooi is het wanneer zij ons kunnen helpen bij het bekwamen van hun eigen toekomstige personeel."