Keunstwurk fan wylgetienen-sweltsjes kroan op It Werflân yn De Rottefalle

05 jul 2019 - 07:26

Keunstwurkgroep Rottefalle sil freed yn multyfunksjoneel sintrum It Werflân in nij keunstwurk ûntbleatsje. It is in saneamd 'woodlandart'-keunstwurk dat troch frijwilligers en twa keunstners foar it grutste part makke is fan wylgetienen. It binne in pear sweltsjes. "Yn ús doarp is in soad enerzjy, bygelyks mei alle ferieningen. Wy tochten: dêr wolle wy wat mei. Sa binne wy op it idee fan de sweltsjes kaam, dêr sit ek in soad enerzjy yn," fertelt Grytsje Lieuwes fan de keunstwurkgroep.

MFA It Werflân, Rottefalle - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It is net de earste kear dat der sa'n keunstwurk makke is. "Ofrûne jier binne wy úteinset mei ek sa'n soarte projekt, yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. No woene wy foar de gemeente Smellingerlân wol wer ris sa'n projekt dwaan," jout Lieuwes oan.

It hert fan it doarp

De sweltsjes fan wylgetienen komme net samar yn It Werflân. "It nije multyfunksjoneel sintrum is wol it hert fan it doarp," leit sy út. In soad minsken hawwe holpen om it foarinoar te krijen. "Trije mannen hawwe it frame laske dêr't wy de sweltsjes fan natuerlik materiaal omhinne makke hawwe."

Ek de wylgetienen binne mei opset as boumateriaal keazen. "Dy groeie hjir in soad en boppedat binne dy maklik te bûgen." Keunstners Derk den Boer en Fokke Veurman hawwe holpen mei it nifeljen.

Rûnrit en gearkomste

Freedtejûn is de ûntbleating yn It Werflân. "Wy wolle der fansels ien op drinke. It hiele doarp is útnûge," seit Lieuwes. Under oaren de keunstner sil in praatsje hâlde, mar ek ferskate minsken dy't belutsen wiene by it ta stân kommen fan it sintrum.

Dêrneist is der sneon noch in rûnrit mei in bus en in fytsrûte. Der binne sân doarpen yn de omjouwing dy't ek sa'n soarte projekt dien hawwe. "Alle groepen sille dêrom by de keunstwurken delride. It begjin is hjir yn De Rottefalle, efkes mei in bakje kofje. Dan sille wy ride en mei eltse wurkgroep wat oer de keunstwurken fertelle."

Grytsje Lieuwes fan Keunstwurkgroep Rottefalle

(advertinsje)
(advertinsje)