Kollum: "Timmy"

05 jul 2019 - 06:48

"Us puppy Timmy hat no in heal jier âld west en is sa'n 40 kilo, dus it is in baas hûn. Mar fan in leaflik hûntsje dat eins noait wat úthelle en dat goed harke, is er yn twa wiken tiid feroare yn in puber. Hy fynt fan alles út en hat nocht oan ûnnocht.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Sa hie Timmy, op in pear slippers en âld papier nei, noch neat ferfretten mar dizze wike kaam er yn 'e hûs en doe siet er ûnder de wite fearren. De swarte hûn wie krekt in grutte wite goes en syn bek siet ek fol. Ik haw alle fearren sa goed mooglik út syn snút helle en doe't ik bûten kaam, die bliken dat er in kessen stikken makke hie. It like wol dat it snijd hie en ik wie net bepaald bliid mei de wyntwirre, krekt op dat momint.

It wie ek noch in mei de hân makke kessen út Skotlân, dus dat fûn ik hiel spitich. Timmy net, dy fleach wer efter de kat oan. Wy hawwe trije katten en mei de jongste kin er hiel moai boartsje. Mar de lêste tiid is er wol gauris te rûch. Dan springt Timmy boppe-op dy earme Snorro, dy't dan net in kant út kin. Doe't er dat lêst wer die yn 'e tún, siet Sjonny derby. Dat is in hiele grutte kat en dêr komt Timmy net by yn 'e buert.

Ik soe krekt nei bûten om te sizzen dat er Snorro net sa narje moast, mar op itselde momint skeat Sjonny al nei him ta en dy hong him fuortdaalks yn 'e bealch. Timmy skrok en sprong piipjend fan Snorro ôf. It wie sa grappich en ik moast der hiel bot om leitsje. No daget Snorro him ek wol gauris út en as er syn nocht hat, dan jout er Timmy wol in lel. Mar as dy 40 kilo hûn mei syn grouwe poaten boppe-op sa'n poeske ploft, dan wurdt it in oar ferhaal.

Timmy is dus in grutte, lompe, entûsjaste pup dy't alles en eltsenien leuk fynt en der net by stilstiet dat er sa sterk is. Hy lûkt sûnt oardel wike ek oan 'e riem en dan haw ik hâlden en kearen mei dy gek. Mar dat traine wy en it giet hiel goed. Alle kearen as Timmy lûkt, dan wachtsje ik oant er sels de druk fan 'e riem hellet. Faak rint er in eintsje tebek as giet er sitten en dan rin ik fierder. As er in oare hûn sjocht, is Timmy it op slach ferjitten en wol er der sa gau mooglik hinne, dus dêr wurkje wy noch oan.

Hy hat hast oeral syn nije hier, útsein op syn dikke kop. Dêr sit noch hiel sacht puppyhier en it sjocht der sa skattich út. Ik boarstelje him regelmjittich, mar dêr makket er ek in spultsje fan. Yn 'e tún is it in binde en dat akseptearje ik mar gewoan. In jonge hûn is in garânsje foar in rampsillige tún, wit ik út ûnderfining, mar ek dat giet oer.

Timmy hat it gau waarm en drinkt in soad. Hy slobberet samar in bak wetter leech en dan lit er in lang spoar fan drippen nei op 'e flier. Faak komt er nei de tiid by my en leit er syn wiete snút op myn skoat del. Ik doch hast alle dagen skjinne klean oan om't alles ûnder it slym sit en hy springt by it oanrjocht yn 'e bykeuken op om it iten fan de katten stikem op te fretten.

Mar o wat is er leuk! Ik soe him foar gjin goud mear misse wolle!"

(advertinsje)