Frysk fûgelûndersyk: briedsukses fjildûlen falt ôf

Relatyf in soad fan de 60 briedgefallen fan de fjildûle yn ús provinsje mislearje. Dat is de earste yndruk fan Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek. Sovon wol krekter sjen nei de relaasje tusken de mûzen en de briedgefallen fan de seldsume ûlen. Dêrfoar sette sy sûnder budzjet mei help fan in studint it jierlikse ûndersyk troch nei it foarkommen fan mûzen.
Fjildûlen briede lang net altiten súksesfol
"Op guon plakken is der dit jier in útbraak en dat lûkt in soad fjildûlen oan. Yn 2014 wiene de mei de mûzepleach ek in soad fjildûlen. Doe binne dy ûlen goed yn kaar brocht, mar de mûzen minder. Wy wolle dat no beide besykje," seit Kleefstra."
Kleefstra wol witte hoe slim it eins mei de mûzestân is, mar ek de briedsuksessen fan de ûlen yn kaart bringe. "Der binne wol folle ûlenêsten omkaam, bygelyks by it meanen. Mar se binne ek kwetsber foar predaasje, dat de aaien opiten wurde."

Earder ûdersyk skrast

"Der is altyd in dúdlik ferbân tusken mûzen en fûgels. Wy binne op eigen inisjatyf begûn mei de mûzetelling, mar spitigernôch is dêr de stekker útlutsen." Dat ûndersyk is skrast omdat it neffens de boeren net genôch opsmite soe.
It wie de basis foar it saneamde 'early warning systeem' dat boeren warskôgje moast foar in mûzepleach. Dy liket no kommendewei en dat soarget derfoar dat der net allinne ynienen in soad fjildûlen yn de greiden briede, mar ek dat mear foarkommende rôffûgels mear jongen produsearje.
Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek links mei rjochts studint Jorn de Jong © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Yn it gefal fan de fjildûlen giet it dus nochal ris mis om't sy net op tiid fûn wurde foar't der meand wurdt of trochdat de aaien of piken opfretten wurde.
It ûndersyk nei de mûzen wurdt dien troch in fjouwerkante meter fan buizen op strukturearre wize oer it lân te ferpleatsen en binnen dy buizen op te skriuwen hokfoar spoaren fan mûzen der binne. "It telt holtsjes fan fjildmûzen dy't wol of net yn gebrûk binne, mar ek keutels en ôfbiten gers."
Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek yn it fjild by Britswert