Sudergoabrêge Warkum opknapt en tenei op ôfstân betsjinne

De renovaasje fan de Sudergoabrêge yn Warkum is klear en de brêge wurdt fan no ôf op ôfstân bestjinne út Ljouwert wei. Deputearre Avine Fokkens en brêgewachter Marianne Steensma iepenen de brêge tongersdeitemiddei foar de lêste kear mei de hân.
© Jacob van Essen
By de Sudergoabrêge binne de slachbomen en ferkearsseinen oanpast en der binne tsien kamera's pleatst. De Van Panhuysbrêge yn Tsjerkwert, dy't flakby leit, is ek oansletten by de sintrale bestjinningspost yn Ljouwert. Dat is fêstige yn It Swettehûs, it eardere projektburo Vrij-Baan oan de westkant fan Ljouwert. Dêr wurde op dit stuit njoggen brêgen op ôfstân betsjinne. Mei de ôfstânsbetsjinning is it mooglik om it skoft en it toljild op brêgen ôf te skaffen.
Der binne ferskate saken renovearre by de Sudergoabrêge. De twa brêgedekken binne ferfongen en dat jildt ek foar it brêgemechanisme. Dat barde allegearre yn in pear wiken tiid yn maart. Op dy manier is de oerlêst foar it ferkear beheind bleaun.
De brêge leit oer de Trekfeart oan de noardeastkant, krekt bûten Warkum en is ien fan de drokste provinsjale brêgen yn Fryslân.