Rick Ottema út Ljouwert wint tredde etappe Noordenveld-Westerkwartier

04 jul 2019 - 22:35

Hurdfytser Rick Ottema út Ljouwert hat tongersdeitejûn de tredde etappe fan de Wielermeerdaagse Noordenveld-Westenkwartier wûn. De Ljouwerter kaam as earste oer de streek yn Noordhorn. Hy waard folge troch Henk Bos út Drachten op it twadde plak en Adne Koster út Roden dy't as tredde finishte.

Ottema en Bos leinen achter op in kopgroep fan trije hurdfytsers - mei Adne Koster, Hartthijs de Vries en Stef Krul - mar wisten twa ronden foar de finish de oansluting werom te finen. By it yngean fan de lêste ronde hie Bos in foarsprong fan 3 sekonden. Dy ferlear er lykwols, want hy waard net fier fan de einstreek ynhelle troch Ottema.

Mei syn oerwinning is Ottema de nije lieder yn it klassemint fan de Amysoft Meerdaagse Noordenveld-Westerkwartier

De Meerdaagse Noordenveld Westerkwartier is in hurdfytswedstriid foar manlju en froulju. De manlju stride oer fiif dagen en ha no noch twa etappes op it programma stean, freed yn Leek en sneon yn De Wilp. De froulju ride trije dagen en komme allinnich freed yn Leek noch yn aksje.

(advertinsje)
(advertinsje)