Easterlittens en Ljouwert yn finale Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote

04 jul 2019 - 22:13

By it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens fûnen tongersdeitejûn de heale finalen plak. Easterlittens en Ljouwert kamen as winners út de bus en spylje freedtejûn om 19.30 oere tsjin inoar yn de finale, dy't lykas de eardere wedstriden op it doarsplein fan Easterlittens holden wurdt.

Enno Kingma fan Ljouwert slacht de bal op - Foto: Henk Bootsma

Om 19.00 oere klonk tongersdeitejûn it startskot fan de heale finale en sette de wedstriid tusken Easterlittens en Frjentsjer útein. Op papier in spannende pot, mar dat foel ôf. Easterlittens wûn sunder al te folle muoite fan Frjentsjer en wie troch de 8-1 winst de earste finalist.

De twadde heale finale tusken Ljouwert en Winsum waard wûn troch Ljouwert. Dat partoer makke hast gjin flaters en wist mei 8-2 te winnen.

Finale

De finale tusken Easterlittens en Ljouwert set freed om 19.30 oere op it doarsplein útein.

It IFK 2019

Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen, dy't ferskilt fan it tradisjonele Fryske spul: sa bestean de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.

Op it Iepen Frysk Kampioenskip 2019 dogge 28 teams mei. Fan dy 28 partoeren spylje 24 fan moandei 24 juny oant en mei tongersdei 27 juny yn de foarronden.

Freed 28 juny begjint dan de earste omloop mei de tolve winners fan de foarronden en de fjouwer bêste teams fan ferline jier. De twadde omloop is op 2 en 3 july en in dei letter binne de heale finales. De finale folget op freed 5 july.

Alle wedstriden binne op it doarpsplein yn Easterlittens.

(advertinsje)
(advertinsje)