Jiskewein bedarret op syn kant oer de sleat by Bûtenpost

04 jul 2019 - 22:03

In jiskewein fan Omrin kantele tongersdeitejûn op de Rohelsterwei yn Bûtenpost, nei't de bestjoerder troch de berm ried. De wein lei oer de sleat hinne en der moasten trije kranen teplak komme om de wein wer op syn tsjillen te setten. De dyk waard ôfsletten foar de bergingswurksumheden. De bestjoerder is mei de skrik frijkaam.

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
Bûtenpost Omrin jiskewein
(Advertinsje)
(Advertinsje)