Michel Vlap mei iepen earms ferwolkomme by syn nije fuotbalklup Anderlecht

04 jul 2019 - 21:17

Fuotballer Michel Vlap spilet it kommende jier mei nûmer 10 by de Belgyske topklup Anderlecht. Dat waard tongersdeitejûn dúdlik by de presintaasje fan Vlap yn Venlo, dêr't Anderlecht op trainingskamp is. Hy waard troch elkenien ferwolkomme by de klup.

Foto: www.orangepictures.nl

Vlap hat in kontrakt foar fiif jier tekene. SC Hearrenfean, dêr't de fuotballer oant no ta spile, krijt sa'n acht miljoen euro foar de middenfjilder. Dat bedrach kin sels noch wat oprinne as Vlap goed prestearret by Anderlecht.

Michel Vlap is út 'e skroeven en grutsk dat er by de klup út Brussel oan de slach mei, fertelde er nei ôfrin fan de presintaasje. "Ja, fantastisch, een hele mooie club. Ik ben zo trots, echt, ik ben zo trots. Ik kan het gevoel niet beschrijven, het is allemaal nog een beetje onwerkelijk voor mijn gevoel. Ik ben gewoon heel trots en zo dankbaar ook voor Anderlecht dat ik deze kans krijg, en natuurlijk voor Heerenveen dat ze mij die kans gunnen om me hier verder te ontwikkelen. Heel mooi."

Technysk direkteur Frank Arnesen fan Anderlecht hat in soad fertrouwen yn syn nije oanwinst. Vlap is krekt de spiler dy't de Brusselske klup nedich hat, seit de âld-spiler fan Ajax en PSV. "Wij krijgen geen goals vanuit het middenveld, vanaf die teampositie, of te weinig in ieder geval. Dus dat hebben we gezocht."

Arnesen folge Vlap de lêste jierren al. "Ik zie hem steeds groeien, steeds beter worden en zelfs met de drukte van het laatste half jaar bleef hij scoren en assists geven. Gezonde jongen, harde werker, fijne voetballer, goede voeten, zo iemand wil Anderlecht graag hebben. Hij stond gewoon nummer één op onze lijst en daarom zijn we zo blij dat hij hier komt."

Vlap sil by Anderlecht fernimme dat der mear druk op stiet as by Sportklup Hearrenfean, seit middenfjilder Sven Kums fan Anderlecht. Kums kin it witte, want tusken 2011 en 2013 stie er ûnder kontrakt by Hearrenfean. Kums tinkt wol dat Anderlecht in soad baat ha kin fan de kreativiteit fan de Fries. "Ik denk dat het een mooie stap is voor hem en hopelijk kan hij ons iets bijbrengen." Vlap skoarde it ôfrûne seizoen sechtjin kear en dat is neffens Kums in moai resultaat foar in middenfjilder. "Hopelijk kan hij dat bij ons ook."

(Advertinsje)
(Advertinsje)