FIDEO: Besite Máxima is "kroon op het werk" foar Dokkumer bedriuw Dijkstra Draisma

04 jul 2019 - 18:58

It wie in spannende dei foar boubedriuw Dijkstra Draisma yn Dokkum. Keninginne Máxima kaam tongersdei del en liet har yn oardel oere byprate oer alles wat it bedriuw docht. Foar Dirk Jan de Rouwe fan de direksje fan Dijkstra Draisma wie de besite fan Máxima in absolút hichtepunt. "Dit is wel het mooiste wat je kunt meemaken. Een kroon op al het werk dat je de afgelopen jaren met elkaar als team hebt gedaan."

En ek foar de oare leden fan dat team wie it in dei om nea wer te ferjitten. "It wie sa moai dat dy frou hjir west hat", seit bewennerskonsulinte Geertje Stoker. "Dat ik mei myn kollega Iris mei har mocht prate oer ús wurk, dat wie fantastysk." Produktûntwikkeler Wietse de Vries heakket dêr oan ta: "Een hele mooie ervaring, dus deze hou ik nog wel even bij me."

Kening Willem I priis

De keninginne wie by Dijkstra Draisma, omdat it de winner is fan de kening Willem I priis, in wurdearring foar it ynnovative en duorsume karakter fan it bedriuw. Máxima is earefoarsitter fan de stichting dy't de priis takent.

(Advertinsje)
(Advertinsje)