Wurde sponsoaren de rêding foar de Jouster Toer?

04 jul 2019 - 17:27

Gemeente De Fryske Marren en de Stichting tot Behoud van Rijksmonumenten besykje no tegearre in oplossing te finen foar de spits fan de Jouster Toer. De spits is al yn novimber fan de toer helle om't it hout slim oantaast wie troch in krobbe. De gemeente en de lokale monumintestichting wolle no beide sponsoaren sykje om it oerbliuwende bedrach byinoar te sammeljen.

GrienLinks, PvdA en VVD tsjinnen woansdei in moasje yn by de riedsgearkomste op De Jouwer. Sy wolle dat de gemeente en de monumintestichting de hannen ynien slaan sille om de toer wer te restaurearjen. Neffens de fraksjes is de toer it ikoan fan it doarp. In mearderheid fan de ried naam de moasje oan.

Hoe is it safier kaam?

De spits wie slim fertutearze en moast der yn novimber ôfhelle wurde. It hout wie oantaast troch de bûnte kjifkrobbe. Neffens oannimmer Hugo Landman wie it tige gefaarlik en hiene der wol deaden falle kind. Wethâlder Roel de Jong fûn it oerdreaun.

De gemeente hie al 200.00 euro tasein foar de restauraasje, mar der is nochris 85.000 euro nedich om ít byldmerk fan De Jouwer op te knappen. De gemeente wol foarearst net it hiele bedrach jaan. De stichting hat wol in sparpot, mar betellet it folsleine bedrach ek net. Neffens harren wie der efterstallich ûnderhâld en hat de gemeente de toer oan de stichting ferkocht wylst it al slim oantaast wie.

De Jouster Toer noch hieltyd yn 'e stegers - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(advertinsje)
(advertinsje)