Sherida Spitse skriuwt histoarje mei Oranje: "Ik ben zo trots!"

Sherida Spitse en Loes Geurts geane de skiednisboeken yn mei de Nederlânske fuotbalfroulju. Foar it earst yn de histoarje helje se mei Oranje de finale fan it wrâldkampioenskip. Woansdeitejûn wûnen se mei 1-0, nei ferlinging, fan Sweden.
© www.orange-pictures.nl
Dêr't Geurts as twadde keepster noch gjin minút spile hat, is Spitse ûnmisber by de earste alve. De middenfjilder kin noch net leauwe wat se mei har ploechgenoaten prestearre hat. "Het besef is er nog steeds niet, het is echt ongelofelijk wat wij hebben gedaan! Ik ben zo trots!", fertelt de Snitser. "Er is heel veel op me afgekomen sinds gisteravond. Ik heb veel berichten gekregen, echt heel leuk."

Fantastysk poadium

Foar it toernoai seine Spitse en Geurts dat se it wedstriid foar wedstriid besjen woene. Doe hiene se net tocht dat se sá fier komme soene. En dat op it grutste fuotbaltoernoai fan de wrâld. "Het WK is een fantastisch podium om heel de wereld te laten zien wat wij kunnen. En dat hebben we gedaan! Het is elke keer weer mooi om het oranje shirt aan te trekken en het volkslied te zingen."
Snein is de Feriene Steaten de tsjinstanner yn de finale. Neffens de fuotbalsaakkundigen is dat lân de grutte favoryt en is Nederlân de underdog. Spitse leit har dêr net by del. "De bal is rond en je weet nooit wat er in voetbal gebeurt, zeg ik altijd. Alles is mogelijk! We gaan het zien!", sa lit Spitse witte út Lyon yn Frankryk wei.

Grutste wedstriid

Om fiif oere sneintemiddei is de ôftraap fan it duel, wat de grutste wedstriid yn de karriêre wurdt fan rekôrynternasjonal Spitse.