De lanneflaggen by stasjon Ljouwert moatte no al fuort

04 jul 2019 - 16:23

De ynternasjonale flaggen dy't by stasjon Ljouwert steane, moatte no al fuort. Dat komt om't der rust ûntdutsen is yn de flaggemêsten yn de middenberm fan de Stationsweg yn Ljouwert.

De flaggen foar it stasjon - Foto: Wikimedia Commons

De gemeente hat de leveransier fan de mêsten frege om de oarsaak fan it rustkjen te ûndersykjen en te sjen oft de rust gefolgen hat foar de konstruksje.

De flaggen wurde freed om 8.00 oere hinne fuorthelle, sa't de wyn de mêsten net noch mear belêstet.

Trefwurden: 
Ljouwert flaggen stasjon
(Advertinsje)
(Advertinsje)