Ferset tsjin plannen foar sinnepanielen yn de Iselmar: "Wy wurde opsletten!"

In tal pleatslik belangen en oare organisaasjes út de regio oan de Iselmar protestearje mei in petysje tsjin de plannen foar sinnepanielen yn de Iselmar. Dy plannen komme fan D66.
Ferset tsjin plannen foar sinnepanielen yn de Iselmar
Mei de petysje easkje de organisaasjes dat Provinsjale Steaten har aktyf fersette tsjin it idee. Se wolle dat de Iselmar bliuw sa't dy is. De petysje is opset troch Alie Talhout fan Hylpen. Se is ek poer tsjin op de komst fan it wynmûnepark op de Iselmar, mar dat is net mear tsjin te hâlden.
Mei de petysje hopet se de komst fan de sinnepanielen noch wol keare te kinnen. "Moatst dochs ris sjen. Hjir soe 700 hektare oan sinnepanielen foar de kust komme. Dat giet fan Gaast hielendal lâns Hylpen rjochting Starum. Wy wurde opsletten!"
De petysje wurdt nije wike woansdei oanbean oan kommissaris fan de Kening Arno Brok. No is de petysje allinnich noch te ûndertekenjen troch ynstânsjes dy't frege binne om mei te dwaan oan de aksje. Fan woansdei 10 july ôf kin elkenien him online ûndertekenje.
Alie Talhout fan Hylpen oer har tsjinstân