Lûdkastke moat jong lyts wyld rêde fan de meanmasine

04 jul 2019 - 15:56

Feriening de Noardlike Fryske Wâlden stimulearret boeren om by it meanen in spesjaal apparaatsje te brûken om lyts wyld te beskermjen. Dy 'Wyldrêder' is in lyts akoestysk apparaatsje dat in heech lûd jout en dat hazzen en reekealtsjes skrikke lit, sa't dy útnaaie. De wyldrêder kin maklik oan de trekker fêstmakke wurde.

Foto: Omrop Fryslân

Boeren hawwe de ûnderfining dat as sy troch it lân rinne foar't se begjinne te meanen, it lyts wyld fuortkrûpt. En dan kinne se oer de holle sjoen wurde. Troch it lûd fan de wyldrêder flechtsje se dochs noch fuort.

De wyldrêder wurdt yn Dútslân al brûkt. Dêr hat bliken dien dat der mear as de helte minder bisten sneuvelje by it meanen. De feriening Noardlike Fryske Wâlden wolle nei it meanseizoen de ûnderfiningen mei it apparaatsje evaluearje.

(advertinsje)
(advertinsje)