Brân by gruthannel yn Drachten: gebou ûntromme, mar skea falt ta

04 jul 2019 - 15:54

Der is brân útbrutsen by gruthannel Sligro oan de Dopplerleane op yndustryterrein Drachten-Azeven. Troch ûnbekende oarsaak is der tongersdeitemiddei by wurksumheden oan it dak brân ûntstien.

It persoaniel moast út it gebou - Foto: de Vries media

Omdat der reek yn de gruthannel te sjen wie, hat de brânwacht út foarsoarch meardere auto's en in heechwurker nei Sligro tastjoerd. It gebou waard ek ûntromme.

Uteinlik foel de skea ta en koe de brânwacht gau wer werom nei de kazerne.

(advertinsje)
(advertinsje)